Bant boeke
Sikesto in band dy't sfear makket sûnder dat elkenien syn stim ferheffe moat? BANT spilet rêstige semi akoestyske gitaarmuzyk: eigen nûmers yn it Frysk en bekende covers fan ûnder oaren The Jayhawks, The Beatles en Van Morrison.
Dêrtroch past BANT op in plak dêr't it noflik wêze moat en ek praat wurdt. Tink oan in brade, in merke, in resepsje of in oar rêstich evenemint. De muzyk sit op de eftergrûn, oant minsken sels by steane te harkjen.
BANT komt út Anjum, yn Noardeast-Fryslân. Wolsto witte oft wy kinne op dyn datum? Stjoer in e-mail of in WhatsApp-berjocht.
Past by
- Brade
- Merke of doarpsfeest
- Resepsje of iepening
- Túnfeest of jubileum
- Rêstich evenemint of festival
wiebekoudenburg@hotmail.com 06-24699806
Faak stelde fragen
Hokker muzyk spylje jim?
Eigen nûmers yn it Frysk en covers fan ûnder oaren The Jayhawks, The Beatles, Neil Young en Van Morrison. It hiele repertoire stiet op de repertoire-side.
Kin ik jim earst hearre?
Ja, op de media-side steane fideo's en ús album Anders stiet op Spotify.
Hoe boekje ik BANT?
Stjoer in e-mail of in WhatsApp-berjocht mei de datum, it plak en it soarte evenemint. Dan hearst fan ús.
